Teloarstelling oer beslút Heak

17 nov 2010 - 16:40

Stifting Behâld Iepen Middelsee is teloarsteld dat de Heak om Ljouwert der no definityf komt. De Rie fan Steat hat woansdei alle beswieren fan omwenjenden en miljeuferienings ôfwiisd. De prosedueres oer de Heak om Ljouwert hawwe jierren duorre en no is gjin berop mear mooglik. De Heak om Ljouwert foarmet in ferbining tusken Marsum en de Wâldwei.

De ferwachting is dat de filedruk oan de westkant fan Ljouwert folle minder wurde sil troch de komst fan de Heak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)