Heak om Ljouwert giet troch
De oanlis fan de Heak om Ljouwert kin trochgean. De Rie fan Steat hat woansdei de beswieren tsjin dy oanlis ôfwiisd. De beswieren kamen ûnder oare fan omwenners en miljeuferienings.
De Heak om Ljouwert foarmet in ferbining tusken Marsum en de Wâldwei. Doel is dat de oanlis fan de dyk takom jier begjint. De dyk soe yn 2014 klear wêze moatte.