Alder pear thús oerfallen

17 nov 2010 - 10:02

In âlder echtpear is tiisdei yn harren hûs oan de Schwartzenbergerleane yn Drachten oerfallen troch trije maskere manlju. De oerfallers easken jild. Doe't se dat krigen fan de frou (83) naaiden se út. In kertier earder waard in frou (59) út Drachten troch trije maskere manlju yn it gesicht slein.

De frou seach de trije stean by in auto op de Langewyk en spruts de manlju oan. Doe krige se fuortendaliks in klap. De technyske resjerzje docht ûndersyk op beide lokaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)