Oplichting mei creditkaarten

Der binne fjouwer fertochten oanhâlden fanwege oplichting mei falske creditkaarten. Yn Snits ha se foar 15.000 euro oan tillefoankaarten en sigaretten kocht en dat betelle mei falske kaarten. De plysje hold winkels yn Snits ekstra yn de gaten, omdat der begjin oktober al ferskate meldings binnenkaam wiene.
Doe't de fertochten wer ferskynden, koe de plysje se oppakke. It giet om ynwenners fan 's Gravendeel, Rotterdam en twa út Ljouwert.