Brân sliepkeamer troch lampe
Yn Ljouwert hat woansdeitemoarn in wenningbrân west. De brân fûn plak yn in sliepkeamer fan in wenning oan de Beekkerkstrjitte yn de stêd. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.
De oarsaak is nei alle gedachten in omfallen lampe. Der binne gjin minsken ferwûne rekke en ek de skea falt ta.