Beammen Algrawei kapt

17 nov 2010 - 07:06

In grut part fan de beammen lâns de Algrawei by Ljouwert is kapt. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei hat Rykswettersteat nammentlik wer in hiele rige beammen omhelle by it súdtangint. Dit om't by in bytsje wyn grutte tûken út de beammen waaie en dat is gefaarlik foar it ferkear.

Yn augustus binne al 73 fan de populieren kapt. Fannacht is de dyk ek noch ôfsletten foar beammekap. Beammen dy't net gefaarlik binne bliuwe foarearst stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)