Biddelferbod yn hiel Ljouwert

16 nov 2010 - 21:37

Der mei yn de hiele gemeente Ljouwert binnen de boude kom net mear biddele wurde. De gemeente hat in pear jier lyn al sa'n biddelferbod ynsteld, mar hie dêrby gjin gebiet neamd. En dat makket it ferfolgjen fan oertreders lestich.

It kolleezje fan b. en w. hat der foar keazen om it ferbod net allinnich foar de binnenstêd jilde te litten, om sa foar te kommen dat it probleem him troch de gemeente ferpleatst nei de wiken en doarpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)