Auto's Hemrik op grien gas

16 nov 2010 - 20:23

Op bedriuweterrein de Hemrik yn Ljouwert moatte takom jier 100 auto's op grien gas ride. It bedriuwepark wol mei it projekt "Hemrik 100" bedriuwen oantrune om oer te stappen op grien gas. Se krije 1000 euro koarting op in auto en in priisgarânsje foar it gas.

Dealers, de gemeente en de provinsje sette hast 3 ton yn foar it projekt, dat past binnen de ambysjes fan de noardlike provinsjes om yn 2015 út te kommen op 100.000 auto's dy't op duorsume brânstof ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)