Besunigings Tytsjerksteradiel

16 nov 2010 - 19:33

It swimbad fan Gytsjerk en de bibleteek fan Hurdegaryp wurde mooglik de dupe fan de besunigings fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Dit docht bliken út besunigingsfoarstellen dy't it kolleezje tiisdei presintearre.

De gemeente moat oant 2015 4 miljoen euro besparje. 1,8 miljoen euro moat by de foarsjennings fan de boargers weikomme. De ôfrûne moannen ha amtners de begrutting útpluze en in besunigingsplan opsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)