Friezinne âldste Nederlanner

Geertruida Draaisma (108) út Ljouwert is sûnt ferline wike de âldste ynwenner fan Nederlân. Dat wie fou Van Dijk-Meindersma út Peize, mar sy is ferline wike stoarn. Frou Draaisma wie mei har 108 jier al de âldste ynwenner fan Fryslân, mar is dat no ek fan hiel Nederlân.
Frou Draaisma is yn 1902 berne yn Makkum en wenne in grut part fan har libben yn Den Haach. Sûnt fyftjin jier wennet se yn wyksoarchsintrum De Hofwijck yn Ljouwert.