Boarne kowe-TBC yn Eksmoarre

Argyffoto Omrop Fryslân
It bedriuw yn Eksmoarre dêr't ferline wike opnij runder-TBC fûn is, hat nei alle gedachten sels de boarne fan de besmetting yn Nederlân west. Dat seit de Voedsel en Warenautoriteit. By in ko fan it bedriuw waard yn augustus iepen TBC fêststeld en dêrnei binne 28 kij romme. Ferline wike die bliken dat nochris 37 kij besmet wiene. Alle goed njoggentich kij binne doe ôfmakke.
Neffens de Voedsel en Warenautoriteit komt de besmetting fan in ko dy't it bedriuw ynfierd hat fanút Dútslân.