Wettertaksy: noch kânsen

16 nov 2010 - 14:29

De gemeente Amelân sjocht mooglikheden om in ferfiersprojekt foar bern dy't spesjaal ûnderwiis folgje oan 'e wâl noch in heal jier troch te setten. De skoalbern moatte alle dagen mei de fearboat hinne en wer. Dêrtroch binne se lang ûnderweis. Sûnt dit jier meitsje de bern gebrûk fan de wettertaksy fan rederij Wagenborg.

It projekt rint lykwols ein dit jier ôf. Mei rederij Wagenborg en de âlden is no in plan makke oer de finansiering fan 'e wettertaksy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)