Empatec ek yn kassen Berltsum

Sosjale wurkfoarsjenning Empatec yn Snits en gruthannel Smeding yn Sint Anne sille yn kassen yn Berltsum oan in duorsume produksje fan iten wurkje. De tylt fan paprika's en komkommers hâldt takom jier op en dan gean se oer op tomaten en komkommers. Neffens Smeding wurdt yn Nederlân te min fan sokke griente ferboud dat foldocht oan 'e winsken fan 'e klanten. De meiwurkers fan Empatec sille de tomaten en komkommers op duorsume wize kweke. Smeding ferkeapet de waar.