Nij bedriuw yn Harns

16 nov 2010 - 13:58

In nij bedriuw dat spesjalisearre is yn it herstellen fan grutte stielen objekten lykas skippen, brêgen, wynmûnen en slûsdoarren set tiisdei út ein yn Harns. By Multifinish sille earst fyftjin minsken oan de slach. De ferwachting is dat dat tritich wurde kinne.

Der binne al tweintich opdrachten, wêrûnder in oarder foar fiif grutte jachten. De opdrachtjouwers komme út de transportsektor, de skipsbou en de dyk- en wetterbou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)