Van Harinxma bêste restaurant

De Heeren van Harinxma is ûnderdiel fan Hotel Lauswolt
De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach is neffens de gids Lekker it bêste restaurant fan Fryslân. Yn de top hûndert fan de bêste restaurants fan Nederlân, stiet De Heeren van Harinxma 52e. Dat is like heech as ferline jier.
De Gastronoom yn Harns sakket fan plak 57 nei 66. Neffens de restaurantgids fynt kok Poldervaart de presintaasje fan it iten somtiden wichtiger as de smaak. Frouckje State yn Ryptsjerk sakke fan it 60e nei it 67e plak.