Accell yn Turkije en Italië

Turken en Italianen moatte oan 'e elektryske fyts. Dat seit René Takens fan de Accell Group op It Hearrenfean. Accell makke tiisdei bekend dat it in bedriuw yn Turkije oernimt. Dat hat wer belangen yn Italië en dêrom is Accel no ek aktyf yn dat lân.
Yn Nederlân ferkeapet Accell hieltyd mear elektryske fytsen. It bedriuw hopet dêr no ek yn oare parten fan Europa mear fan te ferkeapjen. Accell woe al langer de Italiaanske merk op. No stiet Spanje boppe-oan it listke.