Waarnimmer yn praktyk Ter Laak

16 nov 2010 - 12:16

Pasjinten fan húsdokter Ter Laak yn Damwâld kinne gewoan telâne by de praktyk. Dat meldt soarchfersekerder De Friesland. Under pasjinten fan de praktyk wie ûndúdlikens neidat moandei bekend waard dat Ter Laak fan de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch ophâlde moat as húsdokter. De húsdokter hie syn waarnimming net goed regele, sa hat de ynspeksje konstatearre.

Foaral jûns, nachts en yn it wykein is de kontinuïteit fan de soarch net op oarder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)