Regiopost net drokker as oars

16 nov 2010 - 10:37

Fryske post- en koeriersbedriuwen hawwe it net drokker as oars fanwege de lanlike staking by TNT Post. In soad bedriuwen en ynstellings fine it net nedich foar in oare bestelservice te kiezen. Fierders wurde pakjes, roubrieven en medyske post wol gewoan brocht en ophelle.

TNT Post wol trijetûzen postrinners dien jaan as besuniging. Goed 350 Fryske postboaden dogge yn Den Haach mei oan in lanlike protestmanifestaasje tsjin it ûntslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)