'Sietske H hat poppen smoard'

16 nov 2010 - 10:08

Sietske H. út Nij Beets wurdt derfan fertocht dat se har fjouwer lytse poppen smoard hat mei in kessen, in t-shirt of mei de hannen. Dêrnei die se de bern yn jiske-amerpûden yn koffers op souder. It gie om trije famkes en in jonkje. De earste kear wie yn 2003, de lêste yn 2009.

Tiisdei is de proformasaak, de echte behanneling folget letter. Neffens it iepenbier ministearje wie de fertochte benaud dat ûntdutsen wurde soe dat se yn ferwachting wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)