Oppakt foar 40 brannen
De plysje hat in Lemster (22) oppakt foar brânstifting. De plysje krige sneontenacht in melding fan in brân yn in tún oan de Luitjen Mulderstrjitte. In plysjeman op 'e fyts hat de man oanhâlden. De fertochte hat de brân bekend.
De fertochte is fêstset op it buro. It is noch net dúdlik oft de man belutsen wie by eardere brannen op 'e Lemmer. De ôfrûne moannen hawwe der sa'n 40 brannen west yn it doarp, benammen yn konteners.
Trefwurden:
argyf