Nasjonale wike jeugdsoarch

Deputearre Schokker mei it J-team (foto Omrop Fryslân)
De nasjonale wike foar de jeugdsoarch is moandei offisjeel úteinset mei de ynstallaasje fan it 'J-Team'. Der binne de kommende wike tal fan aktiviteiten.
Bestjoerders sille staazje rinne by jeugdsoarch, der binne gearkomsten by MBO- en HBO-opliedings en der is in J-team dat nei VMBO-skoallen giet om mei de jeugd te praten oer problemen lykas loverboys en húslik geweld, mar benammen oer de eigen problemen.