Pingloket iepene yn Snits

15 nov 2010 - 18:51

De Pingloketten yn Ljouwert en Drachten binne in súkses. Minsken mei jildpine kinne dêr fergees advys krije. Neffens direkteur Ger Jaarsma fan de Kredietbank reitsje troch de help fan in Pingloket minder minsken yn de skuldsanearring. Dat komt omdat se earder yngripe en de útjeften ôfstelle op wat der oan jild ynkomt.

Moandei waard in Pingloket op it UVW-wurkplein yn Snits iepene. Alle minsken dy't dêr komme om in baan krije in petear mei in Pingmeiwurker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)