Húsdokters lêst fan soarchwet

15 nov 2010 - 17:27

Dat der hieltyd mear húsdokterspraktiken sletten wurde, komt troch de nije soarchwet dy't sûnt 2006 yn Nederlân jildt. Dat seit de Fryske ôfdieling fan de Nederlânske Húsdoktersferiening.

Moandei die bliken dat húsdokter Ter Laak út Damwâld gjin pasjinten mear helpe mei om't syn waarnimming neffens de Ynspeksje foar de Sûnsenssoarch net goed regele is. Earder mochten in húsdokter yn Aldegea en Snits ek al net troch yn har praktyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)