Park Stania moat opknapt

Foto: Remco de Vries
Nei klachten fan û.o. doarpsbelang Oentsjerk wol behearder en eigner Steatsboskbehear in tal saken yn it park by Stania State opknappe wêrûnder de Trijepuntsbrêge. Subsydzje-oanfragen foar it opknappen fan dy brêge dy't in offisjeel monumint is, helle de ôfrûne jierren neat út dus fertutearze de brêge hieltyd mear.
Sa sa binne der mear saken yn it park dy't wolris wat mear ûnderhâld brûke kinne lykas de paden.