Gjin garânsje foar fleanbasis

15 nov 2010 - 15:54

De nije minister fan definsje Hans Hillen kin net garandearje dat de fleanbasis yn Ljouwert iepen bliuwt. Dat sei er moandei by syn earste wurkbesite oan de basis. Definsje moat de kommende jierren hast in miljard euro besunigje. Dat bestjut dat alle ûnderdielen fan definsje tsjin it ljocht hâlden wurde. Ek de militêre fleanfjilden yn Ljouwert en Volkel.

Yn febrewaris begjint de beslútfoarming oar alle besunigings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)