Yllegaal fjoerwurk ynnommen

In 45-jierrige man út Koatstertille en in 46-jierrige man út De Harkema binne oanhâlden fanwege hannel yn yllegaal swier fjoerwurk. De mannen binne oanhâlden yn it bedriuw fan in 64-jierrige man út it Drintse Roderesch. Dy waard troch de plysje yn de gaten hâlden om't er earder feroardiele is foar de hannel yn yllegaal fjoerwurk.
Yn auto's op it terrein fûn de plysje tusken de 1000 en 2000 kilo fjoerwurk. By de Koatstertilster thús fûn de plysje hast 1000 kilo fjoerwurk.