Seehûnen mei longwjirm
Op it strân by it Oerd op It Amelân binne sneon twa seehûnen fûn mei longwjirmen. De seehûnen skûlen foar de stoarm op de wâl. De bisten binne nei de seehûnekresj yn Pieterburen brocht. Se binne ferneamd nei Rixt en Sjoerd, nei in âlde leginde op it eilân.
Earder dit jier waarden trije jonge seehûnen binnenbrocht dy't lêst hawwe fan longwjirmen. Ferline jier waarden mei-elkoar 400 seehûnen mei longwjirmen behannele.
Trefwurden:
argyf