Wer dúnôfslach It Amelân

De dunen oan de noardwestkant fan It Amelân binne oer in lingte fan in kilometer behoarlik skansearre troch de stoarm fan tongersdei en freed. De see hat in stik fan 3 oant 4 meter fan de foet fan de dunen ôfhelle. Dêrtroch binne opnij steile kanten ûntstien, krekt as goed twa wiken lyn.
Om't der no net folle fakânsjegongers binne, hat Rykswettersteat besletten dat earst sa te litten. Oer twa wiken steane al grutskalige wurksumheden pland om it strân wer op te spuitsjen.