Mishanneling yn Noardburgum

15 nov 2010 - 09:52

Yn Ljouwert is sneintejûn in man oanhâlden foar mishanneling yn Noardburgum. De man wie belutsen by in rûzje op in rekreaasjepark oan de Ryksstrjitwei. Dêrby rekke in man út Oerterp ferwûne.

De fertochte wie dêrnei fuortriden, mar koe dus yn Ljouwert oanhâlden wurde. Hy is meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)