Auto by De Tynje yn 'e feart
Op de Rakken by de Tynje is sneintenacht in auto fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre. Tsjûgen melden it ûngelok by de plysje. Neffens har wie de bestjoerder sels al út de auto kaam en nei hûs gien.
By in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie. Syn auto rekke swier skansearre.