Nijbouhuzen Boalsert ynstoart
Fjouwer nijbouwenningen yn it plan Hartwerterfeart yn Boalsert binne ôfrûne freed ynstoart, sa't it no liket troch de hurde wyn. It giet om twa twa-ûnder-ien-kapwenningen. Der wiene minsken oan it wurk, mar der is net ien ferwûne rekke. It pún is sneon fuorthelle.
De fersekering fan oannimmer Dijkstra Draaisma ûndersiket de oarsaak. Allinne de betonnen muorren fan de huzen wiene noch mar boud.
Trefwurden:
argyf