CDA: Jeugdried yn SW-Fryslân
Der moat sa gau mooglik nei de foarming fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân in jeugdried komme. Dat wol it CDA. Dizze ried moat de gemeenteried advisearje; ek as se net om advys frege wurde. De advizen soene gean kinne oer it sportbelied, it jeugdketebelied en feilich stappe.
As it oan it CDA leit komt de jeugdried yn jannewaris op de wurklist fan de nije gemeenteried. De jeugdried soe troch de boargemaster ynstallearre wurde moatte.
Trefwurden:
argyf