Earste WB-medalje Leenstra
Marrit Leenstra hat har earste wrâldbekermedalje. Snein waard de ynwenster fan Wikel op de 1500 meter tredde yn 1.57.68. De Kanadese Christine Nesbitt wûn yn 1.56.00. It sulver wie foar Ireen Wüst yn 1.57.35.
Laurine van Riessen waard sechsde, Margot Boer sânde en Ingeborg Kroon achtste.