Sinteklaas te betiid yn Harns

Sinteklaas by it Harnzer stedhûs (foto: Dorus Breitenbach)
Sinteklaas is sneon te betiid oankaam yn Harns en dat hat laat ta klachten fan âlders. Ek wiene der te min pipernuten. Neffens Karen Brugman fan de organisaasje hat de boat ûnderweis fêst sitten op in sânbank en hat de KNRM it skip der wer ôfhelle.
Dat gie lykwols sa fluch dat it skip in kertier te betiid oankaam. Neffens har binne dêrby ek in tal sekken mei pipernuten sneuvele. Op 20 novimber, as de Harnzer bern skuon opsette kinne, komme der ekstra pipernuten.