Frou (50) fan tas berôve

14 nov 2010 - 13:44

In 50-jierrige frou út Ljouwert is ûnderweis op 'e fyts berôve fan har tas. Se fytste sneintemoarn betiid oer de Insulindestrjitte doe't se ynhelle waard troch in man op in reade fyts. Dy twong har te stopjen en de tas ôf te jaan. Dêrnei joech hy de frou ek noch in pear klappen yn it gesicht wêrtrôch se ferwûne rekke.

De plysje ûndersiket de saak en is ek op syk nei tsjûgen. It gong om in blanke man fan tusken de 20 en 25 jier âld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)