Snitser oanhâlden nei klappen

14 nov 2010 - 13:26

In 16-jierrige Snitser is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden troch de plysje omdat hy yn in hoarekasaak oan de Kruizebroederstraat immen mishannele hawwe soe.

It slachtoffer waard mei in glês op 'e holle slein. De jongen út Snits is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)