Man smyt bier nei plysje

14 nov 2010 - 13:19

Op De Gordyk is sneintenacht in Drachtster (23) oanhâlden troch de plysje op de Mouterij. De plysje waard warskôge neidat hy in hikke stikken skopt hie. De man wie in besiker fan in feestje efkes fierderop.

Dêr fûn de plysje de man ek, mar hy woe net mei en goaide in fleske bier nei de plysje. By de wrakseling om de man oan te hâlden moast de plyje pepperspray brûke. In Gordykster (25) woe de Drachtster helpe en sloech ien fan de aginten tsjin de holle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)