Fjochtpartij yn Snits

14 nov 2010 - 13:01

Yn in hoarekasaak oan de Singel yn Snits hat sneontejûn in grutte fjochtpartij west. In tal besikers hie spul en dêrby is mei glêzen en barkrukken smiten. De minsken dy't hjirfoar ferantwurdlik wienen, binne troch de plysje it kafee útset.

Gjinien woe oanjefte dwaan. Letter krige de plysje de melding dat de feroarsakers op wei wienen nei in wenning oan it Borndiep om dêr ien en oar te 'ferbouwen'. De plysje hat se dêr fûn en trije manlju út Snits oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)