Arjan Stroetinga wer de rapste

De BAM-ploech
Arjan Stroetinga hat yn Den Haach syn tredde oerwinning fan it seizoen helle. De maratonreedrider fan Waskemar wie yn de fjirde wedstriid om de KPN Cup wer ris de rapste yn de massasprint. De BAM-ploech fan Stroetinga hie de kontrôle oer de wedstriid. Sa sparren Bob de Vries (5e) en Jorrit Bergsma (9e), snein aktyf op de 5000 meter by de wrâldbeker yn Thialf, har net.
Ingmar Berga waard twadde, Christijn Groeneveld tredde.