Nije trainer Harkemase Boys

13 nov 2010 - 16:04

Topklasser Harkemase Boys is dwaande mei de opfolging fan trainer Henk de Jong dy't nei SC Cambuur giet. Der leit yn de bestjoerskeamer op de Bosk in list mei trije nammen. De earste is Jan Bruin, earder spits by Cambuur, no spitsetrainer by deselde klup.

Twadde is Wieb Rodenhuis, op dit stuit net aktyf. Syn lêste klup wie Be Quick '28 út Zwolle. De tredde is Peter Meindertsma. Hy hat ûnder oare trainer west fan MSC út Meppel, by SC Hearrenfean en yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)