Shani Davis wint ek 1500 meter

13 nov 2010 - 15:20

Krek as op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden op Thialf bleau de Amerikaan Shani Davis op de 1500 meter de Nederlânske reedriders foar. Mei in tiid fan 1.45.04 fersloech Davis Simon Kuipers, Mark Tuitert en Stefan Groothuis.

Kuipers waard twadde yn 1.45.48. Tuitert tredde 1.45.95 en Groothuis 1.46.35 waard fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)