Margot Boer twad op 500 meter

13 nov 2010 - 14:42

By de wrâldbekerwedstriden op Thialf is Margot Boer twadde wurden op de 500 meter yn in tiid fan 38.54. De Dútske Jenny Wolf wûn ek de twadde 500 meter fan de wrâldbeker yn 38.17. Wolf wûn dêrmei foar de 52ste kear in wrâldbekerwedstriid.

Laurine van Riessen waard fjirde. Thijsje Oenema alfde en Marrit Leenstra njoggentjinde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)