Obsternate wyldpisser oppakt

De plysje hat freedtenacht in 35-jierrige Berltsumer yn Ljouwert meinaam nei it buro fanwege it ferset tsjin syn oanhâlding. De plysje seach dat de man tsjin in doar oan it Ruterskertier stie te pisjen. Hy krige dêr in bekeuring foar.
Doe't de man him net legitimearje koe en gjin antwurd jaan woe op de fragen fan de plysje, waard er obsternaat en fersette him tsjin syn oanhâlding. De plysje sloech him yn de boeien en naam him mei nei it buro.