Autorider pakt mei drank op

13 nov 2010 - 13:01

In 24-jierrige ynwenner fan Easterwâlde is freed pakt foar it riden mei drank op. De plysje seach de man yn syn 45-kilometer-auto riden op de Dertien Aprilstrjitte. Hy reagearre earst net op it stopteken, mar op de Grietmansleane stoppe er toch en gie rinnende fierder.

De plysje koe him oanhâlde en meinimme nei it buro. Dêr waard dúdlik dat de man tefolle dronken hie en boppedat hielendal net ride mocht fanwege in eardere ûntsizzing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)