Ynbrekker yn Noardburgum

13 nov 2010 - 12:57

De plysje hat freed in 31-jierrige Burgumer oanhâlden op fertinking fan ynbrekkerij. Personiel fan in soarchynstelling oan de Simmerdyk betrapen de man, mar de fertochte naaide út fia it achterterrein.

Mei ferskillende plysjeminsken is de achterfolging ynset en úteinlik koe de man yn in stik greide oanhâlden wurde. Hy is meinommen nei it buro foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)