Man mei honkbalknuppel slein

13 nov 2010 - 11:58

De plysje hat sneontenacht in 42-jierrige ynwenner fan Eastermar oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De plysje krige in melding dat in 37-jierrige man yn in hús oan de Joereleane mei in honkbalknuppel op 'e holle slein wie.

De man wie slim ferwûne oerbrocht nei it sikehús fan Drachten. De plysje ûntduts dat it slachtoffer spul krigen hie mei de fertochte, dy koe letter oanhâlden wurde is is oerbrocht nei it buro foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)