Hoanne werom yn Midslân

13 nov 2010 - 11:44

De tsjerke fan Midslân, op Skylge, krijt sneontemiddei syn hoanne werom. Dy wie der ôfhelle fanwege de restauraasje fan de tsjerke. By dy restauraasje is benammen de toer opknapt, dy hat fanwege it iepen karakter in soad te lijen fan waar en wyn.

It restauraasjewurk wurdt mei dien troch learlingen fan in nije oplieding. De trije ton dy't it kostet wurdt foar it grutste part betelle troch it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)