Restwaarmte Sonac net brûkt

13 nov 2010 - 09:57

It gemeentehûs fan Tytsjersteradiel sil foarearst net ferwaarme wurdt mei restwaarmte fan Sonac yn Burgum. Ut ûndersyk docht bliken dat it technysk wol mooglik is, mar dat it finansjeel net helber is. By it ûndersyk is ek sjoen nei it ferwaarmjen fan it swimbad yn Burgum en fersoargingshûs Berchhiem mei restwaarmte fan Sonac.

Sjoen de útkomst fan in ûndersyk stelt it kolleezje de ried foar der net mei troch te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)