Drachten wol 'kenniskampus'

Drachten wol in eigen Kenniskampus opsette om 'knappe koppen' foar de provinsje te behâlden. Op dy kampus soene skoallen, bedriuwen en de oerheid gearwurkje moatte om ta nije ûntwikkelings op tal fan gebieten te kommen. Philips soe dêr in liedende rol yn spylje moatte. Dat sei boargemaster Middel op it 60-jierrich jubileum fan Phillips Drachten. Direkteur Hendriksen fan Philips Benelux sei wol wat yn de ideeën fan Drachten te sjen.