Bruin wurdt spitsetrainer

12 nov 2010 - 16:25

Jan Bruin wurdt op advys fan Alfons Arts en Henk de Jong fan takom moandei ôf taheakke oan de technyske stêf fan SC Cambuur. De topskoarer aller tiden fan de Ljouwerters sil de kommende wiken as spitsetrainer oan de slach.

Bruin is al by Cambuur yn tsjinst as jeugdtrainer fan C2, mar syn kontrakt rint dit jier ôf. Yn desimber sille alle partijen om tafel, mar de yntinsje fan Cambuur is om langer mei-inoar troch te gean. Bruin is ek yn byld by Harkemase Boys as trainer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)